Kompetysje runde fiif!

It wie drok op it sportfjild doe de kompetysje keatsers útein sette woene. Dit kaam om’t der noch keatst waard troch de bern foar de ôfdieling Littenseradiel. Dêr sille jimme grif yn in oar stikje wat oer lêze.

We hiene as kompetysje keatser fansels it foardiel dat we dan moai gebrûk meitsje koene fan it fjild. De perken hoegden mar in bytsje oanpast en we koene begjinne. Wylst de finale fan de welpen noch spiele waard gongen wij al los yn trije perken. Fansels al mei omtinken oan de echtewedstriid! It waar, it stappen fan in part fan de wjukken ploech, de keatserij en ek noch in kuorbal wedstriid op it fjild hiene suver gjin ynfloed op it oantal minsken dat doch noch efkes keatse woe. Lyssa van der Ende keatste mei Jouke Bonekamp tsjin Halbe van der Valk , Reinder Bonekamp en gastspiler Geartsje Pols (Lollum). It earste partoer skeakele de tsjinstander in rap tempo út met 5-2 en 6-0. It oare perk mei Meinte Bonekamp en Tjardo Bouma tsjin Jan Dik Slop en Jurjen Tolsma wurde fanatyk keatst en dizze partij wie mear oan inoar weage. It partoer fan Jan Dik gong met sân earsten oan de haal, 5-3 en 6-6. Yn it earste perk keatsten Johannes de Jong, Jasper Visser en Jelmer van der Valk, sis mar de trije J’s, tsjin Albert Reitsema, Douwe Allbers en Hans de Boer. Jelmer keaste in heale partij mei en miskien wie de útslach derom wol ferrassend te neamen. Mei 4-5 en 6-6 gong de oerwinning nei it partoer fan Albert.. Takom wike binnen jimme wer tige wolkom.

Geplaatst op 28 May 2011